Jan van der Werf: ‘De kûgels fleagen ús om ‘e earen’

Mijn pake (Jan van der Werf) hield – net als ik – van schrijven. Ik heb hem helaas niet echt gekend. Ik was zeven jaar toen hij op 67-jarige leeftijd overleed. Ik had hem graag vragen willen stellen over de Tweede Wereldoorlog. Gelukkig heeft hij daar zelf wel iets over op papier gezet. Zijn verhaal gaat over wat hij vandaag precies 75 jaar geleden meemaakte. Hij schreef in het Frysk, de taal van zijn hart:

‘De middeis fan ‘e 14e april 1945 wiene wy mei in keppeltsje maten nei de Burgumermar ta gien yn in roeiboatsje om in putsje op te knappen, sa as dat dan wenst is te sizzen. Ik wie de âldste (26 jier) en al hast 4 jier troud mei Wieke. Wy hiene ek al in jonkje (Kees) dy’t doe krekt 2 jier wurden wie.

Wy seagen de Canadeeske tanks oer de brêge fan Eastermar riden en stieken doe de mar oer, om’t wy mienden dat wy har op Skûlenboarch wol te sjen krije soene. Wy hiene sjoen dat de Burgumer draaibrêge troch de Dútsers ûnklear makke wie. Wy krigen gjin Canadezen te sjen mar rekken fersile tusken in fjoergefjocht fan ‘e B.S. (Binnenlânse Striidkrêften) en de Dútsers en miskien ek noch wol Canadezen, mar dat wit ik net seker. Ien fan ús (Jaap fan K. de Vries, kleanmakker oan ‘e Legewei) helle in wite bûsdûk út ‘e bûse en begûn dêrmei te wapperjen wylst wy allegearre plat op it liif yn ‘e boat leine. En samar hâlde it sjitten op, wylst in pear tellen dêrfoar de kûgels ús om ‘e earen fleagen en yn it wetter telâne kamen, flak neist ús boatsje.

Wy binne mar gau nei Burgum gien. Dy nachts waard ik út bêd helle troch mannen fan ‘e B.S, yn ‘e folksmûle meast ûndergrûnske neamd. Wy moasten helpe om ‘e pontonbrêge oer de Grinzerfeart ree te meitsjen. Wylst it roettsjuster wie en wy by wize fan sprekken gjin hân foar eagen sjen koene, hawwe wy dy hiele nacht dwaande west – mei ien B.S.-er as gids – ljochtpeallen te ferslepen op in saneamde ‘mâle Jan’. Wêrwei en wêrhinne wisten wy net mar ús gids wist it wol.

De oare moarn – wylst de dage oan ‘e loft kaam – seagen we mei eigen eagen wat wy dy nachts mei man en macht ta stân brocht hiene en seagen wy de Canadeeske tanks oer de Grinzerfeart riden. In oerdwylske Canadees skeat in triomfskot ôf sadat de pannen fan it dak fan Ealse Brouwer fleagen en ús yn lytse stikjes om ‘e earen fleagen.

Dy middels fan snein 15 april 1945 binne wy meiinoar nei tsjerke gien om de God fan ús libben te tankjen foar de befrijing!’

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *